fan Caravaggio*
Amos hie al trije fisioenen sjoen,
doe kriich er wer in byld foar eagen,
it hie wol wat, it eage sûn.
Tagelyk mei ’t glânzjend byld klonk klear in lûd:
‘Wat krigesto foar eagen, Amos?’
‘In koer mei fruchten, ’t liket goed.’
Fuort dêrnei klonk wer deselde kleare stim:
‘Myn folk is as de ripe fruchten,
ryp foar de ein, skyl sûnder glim.’
Lûder klonk de stim as fan in wisse wil:
‘De ripe fruchten wurde liken,
ferlern op strjitte smiten… stil!’
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Stillibben mei fruitkoer’ |