februari 11, 2020
fan Getty*
Mei Kristus binne wy ferbûn,
Hy nimt it foar ús op
wannear’t wy skuldich steane
foar God de Heit oer,
sa wurdt ús skuld ferjûn.
Jim binne op ’e hichte fan
it wurd, in âld gebod,
dêr’t kristenen foar geane;
ha foar dyn broer oer
de leafde, twa yn ’t span.
De leafde jildt foar elkenien,
foar heiten, feinten, bern
dy’t foar elkoar ynsteane;
wy sille bliuwe
yn ivichheid as ien.
* Yllustraasje ‘Leafde’
februari 8, 2020
fan Rembrandt*
It Wurd is libben wurden,
wy ha ’t heard en tagelyk ek sjoen
yn Kristus doe’t hy by ús wie,
wol harkje nei syn wurden.
God is yn ’t ljocht, it tsjuster
heart net by Him, is mei ’t kwea ferbûn;
as wy syn ljocht net by ús ha,
dan reitsje wy ’t paad bjuster.
’t Is sûnde om te rinnen
op in tsjuster paad, jou earlik ta
datst dan de oare net mear sjochst,
do stiest folslein allinne.
De ivichheid is kommen
mei de Hear, mei Wa’t wy mienskip ha
en wy mei jim troch ’t tsjûgenis,
dus libbet elk ferromme.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Kristuskop’