Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Kolossers 3

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Der is in ûnder en in boppe,
’t himelske foar ’t ierdske oer,
set jim sin op wat dêrboppe is,
dêr binne wy ta roppen.

It âlde aard sprekt op oer ûnder,
’t kweade dat in minske docht,
op ’e ierde is safolle mis
dat sûnde is gjin wûnder.

It nije aard sprekt op foar wûnder:
jimme ha oan ’t goede nocht,
binne fan Gods kar en leafde wis,
jim libben wurdt bysûnder.

Wy binne ta leafhawwen roppen,
leafde is de bân dy’t bynt
ta folsleine ienheid, lykas is
’t bestean fan Kristus boppe.

Yllustraasje ‘De hillige Trije-ienheid’

admin

Brief oan de Kolossers 2

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Kolossers, lit my dit ek skriuwe:
hoewol’t jim my net kenne fan gesicht,
myn geast is wol yn jim fermidden,
dat dy wit fan leauwe as in plicht.

De plicht skriuwt foar: hâld jim oan wetten,
want wat de wet seit, moat de minske dwaan,
men is dan bûn oan tûzen triedden,
hat gjin frije hannen om te jaan.

Guon skreauwen foar: ferearje ingels,
want wat in ingel docht, is tusken God
en minsken yn te stean en bidde
foar it heil, dat ivich wurdt ús lot.

Mar ik skriuw foar: ferearje Kristus,
want mei syn bannen hâldt Hy by elkoar
wat los wie, oars as tûzen triedden…
’k hâld as learaar jim dy wiisheid foar.

* Ikoan ‘Paulus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum