oktober 27, 2024
fan George Orwell*
As bisten op in buorkerij
de boer it near oplizze,
dan ûntstiet in nije lear
en krije sy it foar it sizzen.
De bargen gnoarje grutspraak út
en wurde hear en master,
binne mei it minskdom klear
en spylje slim foar kritikaster.
It hynder lûkt in swiere fracht
lykas de ezel drage
moat de lêst fan hear de baarch,
dy’t soarget foar syn eigen mage.
Sy binne ’t proletariaat
en hawwe neat te sizzen
yn de barge-diktatuer,
de hearen dy’t de wet oplizze.
De nije ideology
kaam nei de revolúsje
fan tal bargen yn de drek
fan egoïstyske yllúzje.
Tirannen raze har nep-nijs
om sa de wrâld te winnen
foar har eigen lege lear,
har macht sil stadichoan ferrinne.
* George Orwell (1903-1950)
Yllustraasje ‘Animal Farm’
oktober 24, 2024
fan Aert Pietersz
Wat in herberch al net bergje kin:
fee dat feilich ûnderdak
de koppen nei inoarren stekt
en fetten fol mei skomjend bier,
ornearre foar it folk dat oanstekt
foar in praatsje en fertier.
Praatsjes komme meastal oan ’t begjin,
fine oan de taap faak plak
en ha in oar as ûnderwerp;
wat is in leagen, wat is wier,
it komt net al te krekt wat sein wurdt:
dûbel sprekt men by brún bier.
Pisje, poepe, sketen net te min,
blaas en kont, elk syn gerak,
mar ek wat justjes djipper stekt:
it frijen falt gjinien te swier,
wat achter doek en muorre plak fynt,
bliuwt ferburgen, giet te fier.
* Aert Pietersz (1550-1612)
Skilderij ‘Frijende pearen by in herberch’