Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Unwrikber

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Unwrikber binne bergen,
de matearje makket se massyf,
slitaazje troch de tiden hinne
kin de hichte krimpe litte,
mar stân hâldt it hurde liif.

Unwrikber binne minsken
dy’t foar eagen ha de heechste top;
om yn it libben op te klimmen,
wolle sy fan krimp neat witte,
ek al giet it oer de kop.

Utdaagjend binne bergen
yn ’t Roemeenske lânskip dat massyf
op minsken oerkomt dy’t ûnwrikber
binne, har net keare litte,
hearskje oer it hurde liif.

Foto ‘Ceahlau-massyf yn Roemenië’
 


admin

Fûgelfreon

Keunst

fan John Everett Millais*

Hy stie bekend as fûgelfreon
yn mear as ’t eigen lânskip,
rûnom wie hy fierder rûn
as lju mei sletten each en ear,
no lei hy, wie net mear sa sûn.

Hy wie ek freon fan alle bern
dy’t fan syn fûgels holden,
dea of libben, altyd wist
er har de namme oan te jaan,
fertelde fierder oer elk bist.

Hy sette ek wol fûgels op,
sa bleauwen dy  yn libben,
ek al wiene sy lang dea;
meikoarten kaam foar him de kear…
syn lea opsette, dat koe nea.

* John Everett Millais (1829-1896)
Skilderij ‘De hearskjende passy’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum