september 18, 2025

Hoe lang sil it noch stoarmje,
swypket wyn de weagen op
en is de wrâld yn ûnstjoer…
wat as de tinzen doarmje?
Men kin net langer tinke,
want it libben is mar koart
as woartels it net hâlde,
sirenes kleiend klinke.
Wa doart it túch te hysjen
nei seizoenen ûnder ’t kleed,
tsjin twirren yn lavearje,
net fêst oan de tradysje.
Syl skraal tsjin wa’t it stoarmje
litte, weagen read fan bloed
opswypkje; oer wa’t moardzje,
sil ’t lot him net erbarmje.
september 14, 2025

Mei brede wjukslach kaam er del,
syn flecht wie lang genôch: fan Ruslân
hielendal nei de Legeaën,
boppe Oekraïne tusken drones
dy’t tûzen boargers deaden.
Hy ûnderfûn it as in hel;
it fjoer dat nachts de himel kleure,
wie swart-wyt yn syn ferbylding,
swart wat hielendal út Ruslân kaam,
wyt wat himsels besiele.
Wat wyt is, bliuwt by him yn tel,
hy telt him ryk yn de Legeaën
oan tal kikkerts, mûzen, rotten,
sy beskôgje him as inkeld swart,
mei him falt net te spotten.
Heech sjocht er op ’e greiden del,
as radar om syn proai te spotten,
hat er dy foar eagen krigen,
dan lansearret er himsels as drone,
de jacht foldocht him tige.