december 10, 2025

fan ûnbekend*
It soe in Rembrandt wêze kinne,
wrâldferneamd de iuwen troch
mei portretten as identiteit,
syn selsportret slút twivel út:
‘Ik bin de master, ik allinne!’
Sjedêr de hear dy’t him net skamme
om te kommen op ’t portret
mei de noas as syn identiteit?
De skilder slút him sa net út:
‘Hy komt by my op ’t doek, ferjamme!’
Mar wa bisto behalve keunstner,
skilderjend yn Rembrandts styl?
Graach dyn namme as identiteit
of slútst dysels it leafste út
as wiest in hillige… of meunster?
‘Wêrom soe ik ien wêze moatte
dy’t him achtet wrâldferneamd?
As identiteit ha ik I.S.:
Ik Skilderje, slút my net út,
mar sa ha ik my wol ôfkoarte.’
* Skilderij ‘Man mei in swolm op syn noas’
december 7, 2025

fan ûnbekend*
Wat lukrativer is as jade
ealstien fan de griene hoop,
is hjoed de dei de krekte fraach:
de goudpriis is nei boppen sketten,
de bitcoin slacht foar master op,
de beurzen knappe út ’e naden.
Yn Myanmar blinkt jade prachtich
yn de eagen fan de macht
op kosten fan it folk ta slaaf
begroeven yn de djippe minen,
mar hjoed de dei is ek de fraach:
wa binne yn dit lân ek machtich?
De kriminelen fan de cyber
lûke lju oan dy’t as slaaf
de dei troch fiskje op it skerm
om sa in kapitaal te fangen
foar kriminelen en de macht,
feriene ta in swarte kliber.
* Foto ‘Jade’