Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sechtjinkwadraat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Net iens in fjouwerkante meter
sa’t er stiet yn ’t finsterbank,
mar dochs, de hiele lange winter
stiet it foar it finster blank
fan wetter, weagjend op ferbylding
fan de simmerwedstriid op
de Snitser mar, mar juster sylden
wettergekken, yn de kop
de start, wylst fluezen iis de finish
fan de winter tsjutten, by Langwar,
wat boaze oan de ynspiraasje
om mei ’t each op poel en mar
dy iene fjouwerkante meter
yn te ruiljen foar syn maat,
dy’t sile soe mei striid en faasje:
de sechtjinkwadraat.

Image

admin

It geheim

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ien stâle stiet der noch
as teken fan ’t ferline,
wat west hat, is ûnsjoch
en sil wol gau ferdwine.

De galge stiet op ’t lân,
de wyn beweecht de holle,
it lichem hâldt gjin stân,
it hat neat mear te wollen.

De plom draacht it geheim,
it giet oer lân en wetter,
it lêste wurdt nea sein,
wat west hat, jout oan letter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum