Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stedsdichter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By gelegenheid fan it ferfarren
fan Henk van der Veer fan
De Hommerts nei Snits

Wat hat de dichter dat
er achterlit it libben
fan it romme sicht,
him deljout yn in strjitte
dêr’t de muorren ticht
him op ‘e eagen sitte?

Image

De dichter hat gefoel
foar wat him folle tichter
bringt by’t spyljend doel
dat út ‘e klokkehichte
klinkt, besieljend cool
him liedt ta ’t stedske dichtsjen.

Image

admin

Swingende kleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne fan de stam ôfsnien,
de lidden dy’t it offer bringe
foar it nije libben dat mei grien
de maitiid kleurje sil, nei’t triedden
giel en read, bewegend op ‘e wyn,
it stomoal útstruid ha en swingend
noch wat dûnsje as it neispul yn
in tiid dy’t siket om de midden
fan in kâlde nacht en sinneskyn…

Image

… en yn de moarntiid leit ynienen
op it paad wat hat it swingend dien,
wylst snie besiket al it griene
fan de wrâld te wiskjen, mar ’t is skyn:
de kleuren sille ’t wyt ferkringe.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum