Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Score by froulju

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

Image

De skippers makken tûke slaggen
op De Lemmer ticht by strân en dyk
om heech te kommen by de boei;
gjinien hie each foar it publyk
fan moaie froulju, earder foar de flagge.

Image

It read-wyt-blau soe letter komme,
mar it paste al by Lodewyk*
syn wite nei de earste boei;
as hearsker oer it skûtsjeryk
fan stoere manlju hie hy ôfstân nommen.

Image

Doe brûsde tichterby broer Siete**,
as in duvel út ‘e middenmoat
kaam hy as earste by de boei:
‘Ik ha by moaie froulju scored
troch ’t showen by de dyk lâns mei ús wite.’

Image

* Lodewyk Meeter
* Siete Meeter

< Foarige
admin

Strielsile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

Trije kear stoarmwaar yn it seizoen
wie mear as skippers rjocht fan sprieken,
dat it rûze yn it brein,
want wa waard op sa’n wize kampioen,
it lêste wurd wie dêr noch net oer sein.

’t Waar sloech om, it barde yn Wâldsein
dat lêste twirren wolken brieken
foar de slûge sinne wei,
dy’t mei in lichte koelte by de ein
hie alles foar in moaie dei.

Image

Daliks fearren alle skippers op
foar wêr’t se mear as rjocht op hiene:
stride om it earste plak;
it waard in gribus, koart de kont by kop,
in stoarm al yn it earste rak.

Blank en sinne hearre by elkoar,
dat Huzum mocht de strielen liene
om te sjitten nei de kop;
wol sân minuten lei de wite foar,
dochs klonk op ’t finishskip de rop:

Image

‘Lodewyk*, net noch in rûte, hear,
mar troch de wyn, jim binne der!’

* Lodewijk Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum