Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skaad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It skaad rint mei my op,
in reuzestal yn iere moarn
en hâldt dan stil
as ik sis: stop,
twa-ienheid, yn it ljocht bestoarn,
it skaad rint nei myn wil.

It libben rint mei ’t skaad
op ’t moanjend tikjen fan de tiid
en sis ik: stop,
it giet it paad
dat útkomt by ferlerne striid,
ik rin mei ’t skaad soms op.

Image

admin

Fûgeltrek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De fruchten binne brún
fan ripens, rjocht fan liif
en wize nei de loft
dy’t ljochte wegen lûkt
nei streken fan fertún.

Image

Wat is fertún as hjir
noch riist de gouden skiif
yn ’t djippe blau en dûkt
wer ûnder yn it read,
dus sit der noch in kloft
te wachtsjen op it dêr.

Image

Dan klinkt it gûnzjend lûd
fan wite wjukken fier
oer ’t wide fjild en wiist
de swellen net foar neat
de wei fan winterskoft
nei altyd simmerstjer
yn ’t gea fan waarm en goed.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum