Wat makke eins it koarte libben grut?
De boatebouwer dy’t mei each en hân
it hout en stiel ferbûgde yn ’t ferbân,
sekuer yn ’t wurk en sunich mei it wurd;
de fisker dy’t mei ’t hout de see op foer,
de eagen hifken wetter, wâl en wyn,
de hannen lieten glidend ’t net deryn,
syn klomjend wurkjen wie fan lange doer;
de skipper op syn skûtsje oan it roer
of yn de beage op ‘e polderdyk,
it wide wetter wie syn keninkryk,
de âlde modder liet er oan de boer.
It grutte libben die de eagen ticht,
wat hannen lykwols diene, wie der noch,
har monuminten foeren troch en sjoch,
tradysje docht no wer yn ’t lyts har plicht.
|