Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Politike pappegaai

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It plein stie op dy lêste sneon wer fol
mei kouwen, read en grien en lyts en grut,
foar ’t fûgellokjen; om de wjuk of sturt
wie ’t net, mar om it stimlûd gie it wol.

Yn kloften kamen bûnte fûgels del,
de flappers fuorren har mei lekker foer
fan ‘al jim wjuklam fleanen is straks oer,
de fearren stekke yn in better fel’.

Doe kaam der ek in frije fûgel lâns
dy’t fleurich flein hie oer de hiele wrâld,
troch ’t lokjend fluitsjen waard er waarm noch kâld,
mar ’t skouderfreontsje tocht: Dit is myn kâns!

Hoewol’t er ierdegrien fan fearren wie,
beseach er ’t himelsk wiis: ‘Ik sei net nee
tsjin Fryslâns klopjend hert, de FNP,
wannear’t der gjin partij foar dieren wie.’

Image

admin

Stimferklearring

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Net fanwege kleuren dy’t primêr
de bûtenkant fersiere
of de listoanfierder dy’t as stjer
de wierheid iepenbieret.
Net fanwege ’t Fryske bloed, tsjoch op,
wol no ris brûz’ en siede
of it frije Fryslân oan de top,
it bêste lân op ierde.

Mar wol om marren yn it gea,
dêr’t de dyk it lân omklammet,
plak op ierde foar de lea,
dêr’t de minske him net skammet
foar it leaf, leaf âldershûs,
memmetaal en foarfaars wrotten
boppe it globaal gerûs
fan de jild- en oarlochsrotten.

Tsjin Babels tuorren dy’t primêr
de machten stekke yn de hichte;
tsjin Mammons alter omdat dêr
de managers it anker lichte
fan sulverfloaten dy’t globaal
de see en oseaan befarre;
tsjin Amalek syn oarlochstaal,
gjin frou of berntsje wurdt noch sparre.

Net fanwege Fryslâns grinzen as
dy minsken keare soene,
want yn ús provinsje past gjin pas,
nei’t euro kaam foar gûne.
Wol de fêste grûn om op te stean,
de basis om te kiezen
foar in iepen wrâld, in sljocht bestean,
dêr’t plak is foar ek Friezen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum