Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn sliep fersonken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As de dize bringt de tiding
fan ’t ferrinnen fan ’t seizoen,
wurdt de boat oan ’t keatting bûn,
nimt de leechte lang de lieding.

Image

Winterlang yn sliep fersonken,
dreamend alle kanten út
fan de simmersinnetút
en werom fan wetter dronken.

Oan de oare kant fan ’t trekpaad
stiet yn ’t skier de hôfkapel,
stil beskôgjend wa’t yn tel
wie en no net langer meipraat.

Image

Stjerrend wier yn sliep fersonken,
dreamleas wachtsjend yn it neat
op ‘e tiid fan himelfeart,
yn it libben al beklonken.

admin

Utsjen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
By it opgean fan de sinne
riist er út ‘e boaiem op,
earder liet er wetter rinne,
no wurdt útsjoen fan de top.

Doe massive wetterholle
om fan heech ôf druk te jaan,
hjoed de dei gjin each tefolle
om de lichte acht te slaan.

Tuorrebouten sûgje wetter,
fiedingsboaiem foar har groei
om in libbensfaze letter
brún te wurden fan de bloei.

Sa symboal fan jong te wêzen,
wiisheid út ‘e boaiem wei
nei de hichte ta te lêzen,
útsjen oer de nije dei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum