Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Werom yn de tiid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob de Backer*

Hizkia, kening nei Gods hert,
waard siik en tocht oer letter,
mar wist fan de dea noch net.

Jesaja, dy’t profetetaal
spriek, sei: ‘Do wurdst net better,
oarderje dyn einferhaal.’

Hizkia bea om libbenstiid,
spriek fan syn goede dieden
foar de Iene yn de striid.

Jesaja kaam op ’t wurd werom:
‘Do silst net langer bliede,
sjoch, ’t foarútsicht is wer rom.’

Hizkia krige op ‘e swolm
in koeke mei flink figen,
mar de kening waard net kalm.

Jesaja makke ’t sicht doe rom
troch ’t teken dat er krige:
streek foar streek gie ’t skaad werom.

Image

* Jacob de Backer (sirka 1555-sirka 1585)
Skilderij ‘Foarsizzing fan Hizkia’s genêzing’

admin

Deadlik oansjen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gerard de Jode*

Heech yn oansjen, breed yn macht,
want breder koe de wrâld net wêze
as wêr’t Sanherib de foarst oer wie;
hy makke op syn fijân jacht
as op in bist dat net syn wurd ferstie.

Fan syn hichte kaam hy del
by ’t nachtlik wjukslaan fan in ingel
dy’t fersloech syn hiele legermacht;
hy seach de omkear en waard kjel,
mar hold syn keninklike pracht.

Bûgend foar syn heechste god
fernaam er ûnrie yn de timpel,
seach twa fan syn eigen soannen oan
en wist de deastek is myn lot,
de brede macht falt fan de troan.

Image

* Gerard de Jode (útjouwer)
Gravuere ‘Sanherib wurdt troch syn soannen deade’
(Museum Boijmans Van Beuningen)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum