Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Billboard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Trije krieën sieten op ‘e rige
boppe ’t boerd fan RCN,
se moasten suver skilich sjen
foardat se ’t plaatsje yn de gaten krigen.

Image

De linkse like ’t plak wol gaadlik
tusken bosk en wetter yn,
yn lúkse siet lykwols ’t fenyn,
as sosjalist fersmiet er ’t dalik.

De rjochtse rjochte him op ’t frije
fan fierhinne hiel syn aard,
sa’n wente stie foar him yn ’t skaad
fan ’t liberale mear te krijen.

Image

De beide ha de wjukken nommen
nei wêrhinne wist hy net
dy’t tusken in kastiel en flat
wol fielde foar ’t gewoane romme.

Trije krieën sieten oeren letter
op ‘e leuning fan in bank,
se makken, stank foar tank,
in eigen billboard fan har wite wetter.

Image

admin

Skiep en krie

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De mienskip liket machtich
unifoarm yn ’t wyt
mei alle kistkes op ‘e strjitte
sûnder wryt of slyt
marsjearjend wis en wrachtich
achter immen dy’t
de oaren nimt de mjitte.

Image

Sjoch him op ‘e heechste tûke
ienling yn it rûn
mei útsicht oer de fierste swetten
oan gjin oare bûn
mei wjukken om te brûken
inkeld frijheid wûn
troch sels de koers te setten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum