Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Johan van Oldenbarnevelt

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Charles van Wijk*
fan Simon Opzoomer**

Heit en soan ferskilden nacht en dei,
de heit de keap, Johan it rjocht,
de heit de drank, de soan de toarst
nei kennis fan de politike wei.

Yn de frijheidsstriid seach Johan ljocht
en tsjinne ’t lân as advokaat,
kaam sa yn ’t sintrum fan de macht
en hat de politike ienheid socht.

Image

Heit en soan, sa wiisde hy it paad
oan Maurits, noch te jong foar ’t fak,
de heit it roer, de soan ’t kanon,
yn ’t earst foel nea oer heit of soan it skaad.

Soan en heit, se sylden ’t eigen rak,
twa skippen foar deselde steat,
’t skip fan de heit kaam doe yn need,
dy’t nea wer krige by it roer syn plak.

’t Gie foar Johan op ‘e kop ferkeard:
feroardield ta de dea mei ’t swurd,
it smeekgebed wie him ta treast
foar ’t inerlik, mar foar de lea joech ’t neat.

Image

* Charles van Wijk (1875-1917)
Stânbyld ‘Johan van Oldenbarnevelt’

** Simon Opzoomer (1819-1878)
Skilderij ‘It lêste gebed fan Johan van Oldenbarnevelt’

admin

Slach by Gibraltar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Cornelis Claesz. van Wieringen*

Van Heemskerck wie net gau benaud,
hy foer mei Barentsz. nei it noarden
en oerwintere op Nova Zembla,
’t aventuer wie him wol tafertroud,
syn langstme gie nei waarme oarden.

Hy sylde mei in oarlochsfloat
it suden yn mei ’t each op ’t easten,
dêr’t Portugezen masters wiene,
mar foar Lissabon foer net in boat,
op nei Gibraltar foar de measte.

Image

It waard in slach fan lyts tsjin grut,
mar lyts wie diskear yn it foardiel,
brânde yn op mânske Spaanske skippen,
’t hellefjoer ferskroeide hûd en burd,
de slach ferrûn as ’t lêste oardiel.

Van Heemskerck wie net gau benaud,
mar koe ’t net risse yn de hjitte
doe’t er mei ien skonk út lykwicht rekke,
hiel de float hat om syn foarman roud,
dy’t langstme fielde nei de fierte.

* Cornelis Claesz. van Wieringen (1577-1633)
Skilderij ‘It ûntploffen fan it Spaanske admiraalskip
yn de seeslach by Gibraltar, 25 april 1607’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum