Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frede fan Breda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Romeyn de Hooghe*

In oarloch hat begjin en ein,
de ein kaam nei de Theems-blokkade,
hiel Londen rekke yn panyk,
de seefeart-naasje wie ferslein,
dat winner waard de Rebublyk.Gjin frede sûnder in ferdrach,
mar net yn Londen waard dy sletten,
noch ware op ‘e Theems it byld
fan ’t brutsen keatting foar de slach,
de skeakels ha de pine field.

Breda hie plak yn syn kastiel
foar fredesdo en diplomaten,
de skiednis kaam dêr klear yn byld,
elk krige mei ferdrach syn diel,
de wrâld waard op ‘e nij besyld:

Foar Ingelân Nij-Amsterdam,
de Republyk kriich Suriname.

Image

* Romeyn de Hooghe (1645-1708)
Yllustraasje ‘Frede fan Breda’

admin

Chatham

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Willem Schellinks*
fan Jan de Baen**

De eare wie net foar Michiel
de Ruyter, mar foar Kees de Witt,
dy’t wist fan hoe’t it moast by Chatham:
Ingelân troch fjoer yn ’t swit,
want rekke yn de siel.

Image
detail

Lyts tritich skippen foeren op
de Medway nei in keatting ta,
fan wâl nei wâl, om dy te ramen:
Ingelân troch fjoer fan slach,
de steat stie op ‘e kop.

De eare wie foar Kees de Witt,
elk soe him yn syn gloarje sjen
mei op ‘e achtergrûn stêd Chatham,
strider foar de frou en bern,
sjoch hoe’t er glimkjend sit.

Image

* Willem Schellinks (1627-1678)
Skilderij ‘It ferbrânen fan de Ingelske float by Chatham’

** Jan de Baen (1633-1702)
Skilderij ‘De ferhearliking fan Cornelis de Witt’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum