Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fûl

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De striid hat west, de haven lûkt,
gjin kâns om hjoed te winnen,
hy wie as lêste binnen,
mar beide ha de bealich brûkt,
mei wyn en weagen striden,
want wa’t him jout oan ’t wide,
ferjit de lea, de finish lûkt…
mar moarn sil ’t wer begjinne,
dan is er hiel allinne
en wurdt er sels de dei troch brûkt.

In miuw fleach foar him út,
besocht him oan te wizen
it striken en it rizen
fan wjukken yn de flecht.

Image

Ynienen wie de loft
fol mei ek oare miuwen,
in kriezen en in wiuwen
fan wjukken wyt as snie.

Se dwarrelen doe del
op harren fêste stiennen
om sa wer te begjinnen
mei ’t brieden, waarm en fûl.

Image

En nei ferrin fan tiid
begûn de dop te brekken,
in kopke út te stekken
en sjoch, dêr wie de pyk.

Image

In wedstriid ûnder túch
betsjut in hiel oar stribjen
as hoe’t de miuwen libje,
mar…
by beide giet it fûl.

admin

Stêd en doarp

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik kaam foarby de skieppestêd,
in massa lûd gebletter
fan wy kinne hjoed net sêd
en wurdt it letter better?

Image

Doe kaam ik by it skieppegat,
gjin teken fan gebletter,
mar tefreden mei it lot
fan boatdak sûnder wetter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum