Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skeppingsharmony

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe kin de skepping as kreaasje
fan wat heger as de minske is
syn brede earmslach noch ferneare,
seinjend ’t gouden byld fan dit is wis.

Image

De stille groei fan ranke raaien
nei in hichte dat it ripe sie
de wyn bespringt en dan mei faasje
fuortsweeft foar in nije skeppingsdie.

Ut beammen riist it hege rikken
mei in brede earmslach foar de bou
fan minskesin oan rekreaasje,
fyftich kear in gouden fûgelkou.

Image

Mar soe dan net de fariaasje
fan it skeppend sie op bou fan sin
yn harmony it lânskip siere
dat wat heger is it seinje kin?

.

admin

Ballade fan de markolpyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It útsicht siet al yn it nêst
dat lei wat heger op it wetter,
sa wie de oanlis better
om net te sizzen bêst.

Image

Hy kaam as lêste út ‘e dop
wat lei oan lege tempo-genen,
hy moast noch hiel wat traine,
oars waard syn flecht in flop.

Syn âldste broer bleau leaver leech,
hy koe op ’t wetter alles brûke,
syn suster hold fan dûken,
hysels seach faak omheech.

De ielgoes stie foar him model:
de lange oanrin oer it wetter,
de lege flecht wat letter,
mar wol te ier wer del.

De wite miuwen yn in kloft
begûnen himelheech te kriezen
om him it paad te wizen:
‘Kom by ús yn de loft!’

Image

Hy stiek lykwols ôfgryslik ôf,
it swarte flokte mei it wite
en yn dy grutte smite
bedarre hy yn’t nau.

Doe klom in stoere mûzefalk
op brede wjukken nei de sinne,
hy dreau der samar hinne,
op ’t blau in lytse wolk.

De markol seach dat wûnder oan
en krige hege ynspiraasje
fan termikale graasje,
in sinnelik fertoan.

Syn genen rekken yn de brân,
hy tripke tempoënd oer weagen,
fleach op mei sletten eagen,
in dream yn markelân.

It sweven duorre lykwols koart,
feroare yn in jeiend dûken,
sadat de siken stûken,
it terminale swart.

De markol koe it sels net sjen:
de skerpe klauwen oan it skuorren,
syn eigen fleis dat fuorre
de mûzefalk syn bern.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum