Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûne prinsipes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Se sylden blank op eigen mar
en hiene fan gjin achterfolger lêst,
wylst Lemsters al it lofliet songen,
mar foar oaren like it net bêst.

Image

De striid wie fûl, mar ek noch bar
doe’t Lammert* Joop** it mannewaar opsei,
wylst Lemsters al it lofliet songen,
hong it read yn ’t want, it like faai.

Grou wie sawat al kampioen,
mar soe de kop ferlieze mei protest,
dit wie it liet fan lilke tongen:
‘As Langwar it wol, hat Joop der west!’

Image

De Lemmer hie de striid al wûn,
wa’t oars noch winne soe, wie noch net klear;
de Wyldeman hie hûndert tongen:
‘Nei de klok fan Arnemuiden mear!’

Doe sieten Joop en Lammert yn
de sjuerykeamer dêr’t it switte wol,
wylst lûden troch de muorre krongen:
‘Lit ús drinke oant de strôt is fol!’

Langwarder Lammert woe wol ha
mei praten is de saak wer út ‘e wei,
mar Joop is net dy wei op gongen,
syn prinsipes wiene dêr net nei.

Image

Se sylden donker der op ta,
protest ferlern en dus gjin kampioen,
gjin flagge waard op Grou ophongen,
lykwols wiene Joops prinsipes sûn.

* Lammert Zwaga fan Langwar
** Joop Mink fan Grou

admin

Tarzans by Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Image

De reiden kinne it fertelle,
sa’t se steane yn de rêst
en plûmen bûge nei de spegel,
is gjin wynkrêft mear te tellen,
’t liket foar it túch net bêst.

Image

Mar better is ’t foar jonge finten
oan in stieltrie as liaan,
dy’t Tarzans slingeret nei it wetter,
gaadlik foar de moaiste printen:
blanken foar in seil mei taan.

It silen wint it net fan ’t swimmen,
hiel de float leit yn de mar,
ferbrekt de spegel, makket weagen,
giet it oan, dan wurdt it klimmen,
mar it waar bliuwt yn de war.

Image

Hy rikket troch, mar is net dronken,
sa’t in Hollânsk deiblêd meldt,
de hiele float koe doe net starte,
lei yn djippe rûs fersonken,
mar it reid hat oars ferteld.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum