Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Starums flauwe wyn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Image

De wyn wie east, dus fan it lân
en koe de skippen net berikke
mei in krêft fan trije by de boei,
der rom omhinne mei ferstân,
oars kriich de skipper grif in knoei.

Image

Mar Joop*, al gau mei Grou foaroan,
yn ’t klassemint net te berikken,
lei mei wynkrêft ien in skoft foar blak,
dat Lammert** stiek him nei de kroan,
ferwiisde Grou nei ’t lêste plak.

De striid gie troch, mar sûnder Grou,
gjin skipper koe Langwar berikke
mei de rie fan tûke heit*** nei soan.
De wyn wie east, fan ’t lân, dus flau
en hie it foar Doarp Grou bedoarn.

Image

* Joop Mink
** Lammert Zwaga
*** Ulbe Zwaga

 

admin

Terhernster wynberjocht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

In dikke fjouwer, heechút fiif,
sa wie ’t Terhernster wynberjocht,
dat skippers holden ’t op ien reefke,
sa bleauwen skûtsjes rap en rjocht,
mar dochs de wyn waard sterk en stiif.

Image

Se brûsden oan, Langwar op kop,
de Pan as twadde, doe kaam Grou
yn ’t nije wyt en sûnder reefke,
oer stjoerboard knipend, net yn ’t nau,
oer bakboard rom ek, heech it krop.

Image

Image

It sinneljocht striek oer de mar,
de wyn joech him ek justjes del,
dus rap derút dat iene reefke,
de kop waard hurd, it striden fel,
doe helle ’t oan, der wie gjin kar.

Image

In filmploech, by de Pan oan board,
sloech weagen op yn ’t apparaat
en skeane tugen sûnder reefkes,
it waarden bylden mei fûl praat
oer folop fiif, de wyn hie scored.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum