Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Adam yn Itens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Snein 29 oktober 2007 wie yn Itens
in oekumenyske tsjinst oer Adam.
Dy hie mei de fariearre ynhâld
wat wei fan it paradys sels.
Op 25 novimber 2007 is der wer in tsjinst
dêr’t in oare bibelske persoan sintraal stiet.

Hoewol’t it hjerst wie, griis en kâld,
kaam Adam op dy sneintemoarn
yn Itens oan, in oare wrâld
as ’t paradys, de jas moast oan.

Dêr eage Adam earst noch jong
wylst hy de dieren komme liet
en harren nammen suver song,
gjin bist dat sûnder stimpel siet.

Image

Sjiraffes stimpel wie wat mear
as ’t rêchkrús fan de simpelspin,
dat Adam wie mei ’t krús gau klear,
wat hegerop wie him nei ’t sin.

Sa klom er by de nekke op,
fier boppe Itens’ toerspits út,
berikte lykwols net de kop,
’t begjin wie oars as it beslút.

Image

Hoewol’t it hjerst wie, griis en kâld,
en Adam song op eigenwiis,
kaam Eva wizer op ‘e wrâld
yn Itens, dochs noch paradys.

admin

Foar de hân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sjoch, oan dy it lân, sa sei de stim,
bebou it mei wat foar de hân leit.

Hark, sa tocht dy doe, ik hear nei him
noch skerper as wat myn ferstân seit.

Dy beseach syn hân, de w fan wurk
en fierder oer de fingers hinne.

Dêr besong in fûgel ’t blauwe swurk
en doe wist dy it wurdt in finne.

Image

Gerssie waaide oan en foar de hân,
dy siedde ’t swarte nei it griene.

’t Skeat omheech, it lûd, oan dy it lân
foar ’t nêst as der gjin oaren wiene.

Sjoch, de oaren ride ronkjend oan
en hoarte ’t griene nei it swarte.

Image

Foar de hân leit grut it machtsfertoan,
feroarings komme sa’t se moatte.

Tusken rôlen leit sabeare bou
yn fuorgen, iepen foar drainaazje.

Image

Klear, dan sân deroer, net yn de rou,
want inkeld stilstean nei mear faasje.

Sjoch, oan oaren no dit sânich lân,
gjin stim sil noch de fuortgong keare.

Hark, sa tocht dy doe, ik hear in bân,
de oaren remje foar ’t parkearen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum