Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wyn en doek

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

Sân skeane banen yn de wyn
en ek sân pompeblêden
hâlde hjoed de gong deryn
foar tal fan doarpen, alve stêden.

Mar eartiids waaide ’t oer ’t gebiet
fan wol sân Fryske lannen,
rûnom weage ’t liet oer ’t wiet:
‘De Fries is frij fan stive bannen.’

Sa is ’t ferbân fan wyn en doek,
gjin kâns om stiif te wurden,
libben, linich en ek kloek,
dêrby de steun fan mêst en swurden.

Sjedêr de fjirtjin oan de wyn
dy’t farre yn in file,
fêst ferbân, de gong deryn,
dat is it Fryske skûtsjesilen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum