Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seine

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêr is de tiid
dat yn de maitiid ier
de boer syn seine
troch it bermgers snie?

Image

Hjoed klimt it sied
de hichte yn foar sier
en meane weinen
foar de iere snie.

De boer, syn tiid
hat west, hong foar de sier
syn âlde seine
tusken ’t wylgesie.

Fergroeid mei tiid
en beam, in byld út skier
ferline: seine
foar de libbenstrie.

Image

admin

Nêst elkoar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy hat syn swiere fracht as boer
wol troch it libben kroade,
fan heit op soan, sa wie de koade,
mar hy jout it noch net oer.

Image

Wat sil er oerjaan moatte as
it giet om frachten fan it leauwe
dy’t yn syn gea it lûdste skreauwe?
Tsjerken ticht? It jout gjin pas!

Besjoch yn ’t grien syn bûnte kij,
ienriedich oan ’t wjerkôgjen;
lit sa de tsjerkekeppel skôgje
hoe’t it bûnte heart derby.

Image

Sa is er troch it libben gien
yn ’t wurk mei de boerinne,
it byld fan nêst elkoar berinne
’t paad fan hope: ien en mien.

En as foar ’t lêst de kroaden gean
nei ’t hôf tichtby de tsjerke,
dan sil de keppel grif wol merke
dat se op ien hichte stean.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum