Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fernijde pracht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

Image

Dêr sylt it noch yn âlde tiden,
heit oan ’t roer en mem de rest,
op rûte nei op nij in fracht;
foargoed foarby, dat wurk hat west,
sy ha foar bern en skûtsje striden.

Image

Dêr leit it noch, al jierren letter
sûnder helmhout oan it roer,
in rom te iepen foar de fracht,
skelet foar duvel en syn moer,
heal op ‘e wâl en heal yn ’t wetter.

Image

De roef hie ús sa smûk omsletten,
noeget hjir it minne waar,
de durk hold nachts oer my de wacht,
heart hjir noch inkeld drip en baar,
sa leit ús skip sawat fergetten.

Image

De skipper tinkt oan âlde tiden,
lit it each dan fierder gean
op rûte nei fernijde pracht:
de mêst sil yn de koker stean,
dan wurdt wer mei syn skûtsje striden.

Image

admin

Trije kear sa grut

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

De Snitser mar, by skippers populêr,
leit ûnder ’t eilân as in spegel
mei de seilen trije kear sa grut,
de lêste striid wurdt rap of hurd,
dêr jildt gjin fêste regel.

De Snitser Pan hat yn it klassemint
de kop en sylt op eigen wetter,
dat syn kâns is trije kear sa grut,
de lêste striid wurdt rap of hurd,
men wit op Snits net better.

De Snitsers hâlde hert en holle fêst
as Jan* begjint op plakje njoggen,
want syn kâns leit tusken lyts en grut
wannear’t de gong net rapper wurdt,
mar sjochris wat se dogge…

Image

Mei skerpe slaggen oer de eigen mar
skoot Snits ferrassend op nei trije,
Jan syn kampioenskâns is wer grut,
it lêste rak giet hurd om hurd…
sil hy de winst ek krije?

It is De Jouwer dy’t hjoed earste wurdt,
mar ’t wurd fan Snits is trije kear sa grut.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum