Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan Easterein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Easterein, de namme seit it al:
de wiisheid út it fiere easten
streamt oerfloedich ta en sa rint fol
de ein, it wurd en byld it measte.

It doarpsbyld mei syn mânske toer,
in eilân yn in see fan greide;
’t wurd wie oan de boarger en de boer
dy’t froed it deistich nijs oereiden.

Wol froed en from wie de pastoar
dy’t yn de mis it Wurd ferbylde,
wylst de bylden yn it hillich koar
it sljochte tsjerkefolk besielen.

Image

Martinitsjerke seit it al:
it libben is der om te dielen,
dat it folk betocht de earmen gol,
gjinien soe him mear liddich fiele.

Doe kaam de tiid fan byldestoarm,
fan hilligen oan gruzleminten;
’t wurd dat klonk wie lûd: ‘Herfoarm-
je dy, it Wurd, gjin sakraminten!’

It tsjerkeplein lykwols joech ’t byld
fan klappend loven en fan bieden,
steile wurden waarden drinkend dield,
de klokken hearde nimmen lieden.

Image

Twa tsjerken rôpen op in snein,
de grutte en de grifformearde;
’t waard it byld fan skieden Easterein,
dêr’t beide ’t folk it Heilswurd learden.

Mar hark, der kaam in oare tiid:
de lytse tsjerke waard oerstallich,
âlde wurden rekken út ‘e striid,
it byldesintrum waard oanfallich.

Easterein, it doarp mei wurd en byld,
in printerij en eksposysje,
de wiisheid is no goed ferdield,
it einbeslút kin beide hysje.

admin

Sjen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De dea leit nêst it paad
dat wy oerdei berinne
sûnder del te sjen
nei ’t eigen stomme skaad
dat falt oer wrâlden hinne
yn ús each ferlern.

Image

Fertel ús fan de hôfdowrâld
dy’t wjukke boppe hollen
stiif om op te sjen,
nei ’t delgean yn it wâld
fan katten, yn har wollen
gong de kop ferlern.

Ferhelje ús de kattragyk
nei ’t felle dowekopjen
om net oan te sjen
hoe’t libben waard ta lyk,
omdat de mins net stoppe
gong de kat ferlern.

Image

Mar swij ek net oer ’t paad
dêr’t wy ús stappen sette,
beide oan te sjen:
it libben falt yn ’t skaad
fan dêr’t de dea syn swetten
útset, nij begjin?

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum