Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sprekkende nammen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Hoséa, de profeet yn Israel,
kriich fan de Iene it berjocht:
trou mei in frou mei skiere knibbels,
in hoer dy’t heil by manlju socht,
jou dy, profeet, by har mar del.

Dat Gomer waard Hoséa’s frou,
joech har ek del en kriich in soan,
syn namme spriek gjin minske oan:
Jizreël: de Iene sieddet ûnheil!

Hoséa bleau syn frou wol trou,
sy kriich in dochter, falsk fan toan
wie ek har namme, ’t spriek net oan:
Lo-Rûchama: gjin begrutsjen!

It klonk foar Gomer wol wat rau,
it tredde bern wie wer in soan,
syn namme hie deselde toan:
Lo-Ammy: net myn folk!

Image

Hoséa, de profeet yn Israel,
brocht mei de nammen in berjocht:
sy sprekke oan, dus bûch de knibbels,
jim ha de Iene lang net socht
en binne net by Him yn tel.

* Yllustraasje ‘\Hoséa en Gomer mei bern’

admin

Hoséa

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

As profeet wie hy mar lyts,
in mantsje yn it stammeryk
fan tsien, dy’t thús gjin heil mear hie,
mar hy wie grut yn it gelyk
fan folk dat die nei rjochte rie.

Bloeide earst it stammeryk
troch twadde foarst Jerobeäm,
dy’t each hie foar mear jild, mear macht,
foar Baäl stie yn fjoer en flam,
de delgong kaam… wa hold noch wacht?

Wie ’t Hoséa, de profeet?
Syn libbensrin waard ta in byld:
de ûntrou fan syn eigen frou,
as hoer op alle manlju wyld,
lykwols dy iene bleau har trou.

* Romaanske keunst (12e-13e ieu)
Mozayk ‘De profeet Hoséa’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum