Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbele rêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nei de slûs en brêge kaam de kant
fan ’t wetter dy’t it bea de rêst
nei ’t fûle spul fan simmerstriid
mei ’t kreakjend bûgen fan de mêst,
no hinget noch it flachje yn it want.

Image

De moarntiid hâldt de siken yn
en ’t wetter tusken wâlen flak,
ek holpen troch de flat en ’t dak,
net bûchber foar in bulte wyn.

Image

Mar fierderop bedûkt de bak
de dridze, tagelyk noch wat,
yn djipte rustich yn de rêst:
’t kanon dat foar de start it skot
lost, foar it skûtsje ’t earste rak.

admin

Eigen paad

Lyrysk Deiboek
Eigen paad PDF Print E-mail
Image

Wa kiest net foar it rjochte paad
mei spoaren fan dy’t gongen foar
de tiid, in feilich far
en smout it praat.

It hynder loek de line strak
en lange streken oer it flak
fan wetter, brocht – gjin kar –
it folk teplak.

Image

It spoar lûkt ek syn fêste baan
en sleept optiders flitsend oer,
spuit út it frije, mar
’t is inkeld waan.

Wa kiest dan leaver net in paad
mei eigen spoaren oer de mar
dêr’t frijheid is oan bar
en fierte maat.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum