Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fersliten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr steane jim, de lêste kear,
tegearre sûnder fuotten,
trije jier noch mar en dan al âld,
keal oan de bûtenkant en gear
fan binnen, ek noch gatten
fan de wrâld út rinne.

Jim bylken grutsk, mar diene sear
en soargen foar twa blierren
withoefolle kilometers lang;
jim stiif fan nijens en ik mear
fan withoefolle jierren
slitaazje fan it rinnen.

Image

Jim folgen my, want ik hie ’t stjoer
oer wêr’t wy hinne giene:
winterdeis de rûte troch de stêd,
sân moannen lang, it wie jim oer,
mar simmers bûten hiene
jim de wrâld te winnen.

Dêr steane jim, no sûnder doel,
fersliten op ‘e hichte,
weardefol stillibben skilderij
fan Jopie Huismans âlde boel;
ik ha allinnich dichte
fan jim fiere bringen.

admin

Rampsenario

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se sizze dat it wetter riist
omdat it folle waarmer wurdt
omdat it minskdom smoargens spuit
en dochs de boel derhinne bruit
omdat de see sa djip en grut
is dat gjin peil op ûnheil wiist.

Image

Wa kin lykwols de rampen peile
as de grûn trochweakke rekket
en gjin skûlplak oan de bisten biedt,
de mûs de mûzefalken fiedt,
de mol de blauwe reagers bekket
en de wjirm leit bleat foar klysterneilen?

Image

Mar sjoch wat yn de waarme, wiete wrâld
de mûs, de mol en wjirm derboppe hâldt;
de podden stekke paraplu’s omheech
dat ierdebisten skûlje heech en dreech.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum