Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swierte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin boerd stie yn it iepen fjild
doe’t noch de kleasterklok belette
de tiden fan gebed;
de swierte fan it houten tsjil
hie spoaren yn de modder setten
foar ’t bouwen ier oant let.

Image

Dit Thabor fan Rienk Bockema
brocht lykwicht dat syn swiere sûnden
net fierden nei de hel;
as muonts soed er fersoening ha,
de wissichheid syn spoaren rûnen
net libbenslang mear del.

Image

It rûne boerd stiet hjoed de dei
mei read tsjin blau en meldt de swierte:
mei tsien is it wol dien;
it asfalt fan de Thaborwei
kin him mei Rienk syn paad net mjitte:
syn langte is goed ien.

admin

Minskebloei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe lang ha de genen stribbe
nei de groei en bloei fan ’t libben,
oft de baas no hjit fan God
of ’t is it evolúsjelot.

Image

Trunend yn de maitiid blommen
om gau út ‘e knop te kommen,
biede se de minske kleur,
hoewol dy siket sels de fleur.

Image

’t Is it folkje nea tefolle,
drinkend him in dwile holle,
’t set op ’t beamke dan it blik,
it is de gen of hjir bin ik.

Image

Is it plastic net te brûken,
waait de wyn it nei in tûke,
set de beam yn minskebloei
en lit de genen sûnder groei.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum