Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kâns op grien

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1992

Image

De hiele Fluezen kleuret blau
mei hjir en dêr it donkerbrún
fan skûtsjes foar de start,
de hals noch op, it hoecht net gau
derhinne foar’t de loop him wart.

Mar klinke skotten, dan is ’t dien
mei ’t heale spul, se gean foar fol,
it earst It Hearrenfean,
syn kâns op ’t earste plak is grien,
it hat it túch der skoan op stean.

En nei de striid it kommentaar:
It Hearrenfean rûn as in trein
en hat fertsjinne wûn,
fansels, it wie ek krekt syn waar,
dus is er noch gjin kampioen.

Image

admin

Probleemrek

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1992

Wol of net troch ’t Grytmansrek,
’t hat wol wat om de hakken
foar ’t publyk, dat sicht hat op it swurd
en heart fan ’t skip elk spannend wurd,
mar oft it kin mei sokke bakken?

Net foar ’t arkje, ek in bak
mar fan beton en planken,
dat de skûtsjes net ferneare koe
en op ‘e baren sinke soe,
it wie oan ’t eigen rek te tankjen.

Image

Dan mar net troch ’t Grytmansrek,
mar wol by Iesicht gypje,
wat in skûtsje net ferneare koe
en oare skippen reitsje soe,
de skippers woene messen slypje.

Hâld de holle dan mar koel
om skea te reparearjen
yn de wedstriid oan it bakboardsswurd,
foar ’t wâlpublyk gjin spannend wurd,
it koe de fierte net wurdearje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum