Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hannen tekoart

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

As de wyn de oerhân hat
en weagen skomje by it swurd,
ha skûtsjes mannich hân tekoart
en snijt de mûle mei in flymskerp wurd.

Image

As in twirre falt yn ’t seil,
dan rint it skûtsje út it roer,
byt Eldert* stikken fan de neil
en Anne** set him skrep en rekket poer.

Hinget Wiemer*** boppe ’t dek,
dan is der wol wat oan de hân,
de oare manlju dogge ’t ek,
oranje boppe hâldt sa maklik stân.

Image

Is de eachopslach foarút,
dan wurdt op Drachten flymskerp syld,
in twadde plak wurdt ta beslút
as earste troch oranje boppe field.

Mar ’t skûtsje dat ferliest
in man en loete yn de striid,
sylt ladend troch, de skipper**** kiest
de skerpste slaggen nei de bêste tiid.

Image

* Eldert Meeter fan Huzum
** Anne Tjerkstra fan De Jouwer
*** Wiemer Hoekstra fan Drachten
**** Berend Mink fan Grou

admin

Eagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De eagen ljochtsje op
troch ’t each dat ljocht útstrielt,
se rjochtsje harren kop,
wa wit hoe’t ljochtsjen fielt?

De skrik om ’t lûdleas skot
dat slacht foar ien tel blyn
of yn it each de spot:
do bûten, wy deryn.

It each is rjochte op
’t beweech fan wyt en swart,
de mazzel of de strop,
wa’t oanfalt en wa’t wart.

Dit each jout it gefoel
fan broer yn ’t lyts en grut;
de lêste hat in doel,
de earste stiet foar skut.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum