| Dêr’t rûzen yn in fier ferline weagen en ferhalen tagelyk,
 de Middelsee rûn op ‘e dyk
 fan ’t poldereilân, stiif fan klaai,
 dêr koe men Eastereiners fine.
 Yn ’t easten fan de polder wrottenfrije Friezen út ‘e lichte wei
 nei boppen oant de terp der lei,
 wat tichter by it driuwend swurk
 rûn ’t sykjend folk mei droege fuotten.
 Se sochten wat se doe noch misten,folle heger as har eigen wurk,
 as ’t sjongen fan de lytse ljurk,
 it wie it sykjen nei de graal
 dêr’t op ‘e wrâld in pear fan wisten.
 Doe boude hear pastoar in tsjerke,sprekkend yn in goddelike taal
 de seine út oer ’t wynferhaal
 fan tsjelk en geast, mar sjongend fûn
 er net de ljurk mei sterke flerken.
 De haadling woe it oars besykje,mei in sterke stins op tsjerkegrûn,
 dat hy it fan it godshûs wûn
 yn hichte, mar hoewol’t er klonk
 mei eigen tsjelk, koe ’t him net lykje.
 Sa ha pastoar en haadling stridenmei in eigen hege bou en dronk
 om macht dy’t harren siele wonk,
 de graal lykwols kaam net foar ’t ljocht,
 dy wachte stil op oare tiden.
 Doe kaam de tiid dat se wol seagendat har macht gjin heil op ierde brocht
 en ek gjin graal dêr’t elk nei socht.
 Wat wie ’t, in tsjelk of faaks in skaal?
 Of wie ’t in Eastereiner leagen?
 Se ha doe sels de wierheid skepen:yn de tsjerke kaam in eigen graal,
 de hichte yn, in pracht doksaal*
 foar Easterein syn katedraal,
 dat nimmen hat de macht wer grepen.
 
 * In doksaal is in fersierde skiedingswandtusken koar en skip fan in tsjerke.
 |