Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Grûnferklearring

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It stiet yn de Ferklearring fan de Minske
dat elkenien is foar de oar gelyk,
dus slacht it folk de wjukken út
en fljocht it boppe alle winsken
de skepping troch nei ’t fûgelryk.

Image

It sit yn de Ferkleuring fan it Wetter,
de spoaren dy’t se lûke troch de tiid,
dus slacht dit folk de poaten út
yn rigen, want it wit net better
as dit gelyk giet wiid en siid.

Image

It leit oan de Fersiering fan de Fearren,
de ien Jan Lul, de oare hege Pyt,
dus slacht er breed de flerken út
om ôf te jaan de Grûnferklearring
dat hy besjocht de wrâld swart-wyt.

admin

Ballade fan Wûns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wûns, iepen doarp yn ’t lege lân,
de namme lêst men yn de boeken,
hast dyn parten út ‘e skiednis hân,
de tsjerke telt acht hoeken.

Sa hat it net altiten west,
de âlde wie wat minder kantich,
mei it koar yn ’t east, de toer yn ’t west,
sa op ‘e terp parmantich.

Dyn namme struidest oer it gea,
dy woest mei oare doarpen diele,
’t grutte haadplak waardsto lykwols nea,
mar soest dy minder fiele?

Wûns, iepen doarp yn ’t lege lân,
sjochst út oer greiden en oer wetter,
hast dyn parten fan it seesâlt hân,
mar troch de dyk is ’t better.

Al jierren fielst de Ofslútdyk
as sterke earm dy’t keart de grime
fan de see as hearsker fan it ryk
dat rikt nei fiere kimen.

De hearsker fan it Dútske ryk
hat oer dyn wenten hinne sketten,
dat de Fryske frijheid waard ta lyk
en ’t folk bûn oan syn wetten.

Gjinien nimt wei it frije wurd
dat altyd om de doarpsterp gûnze,
’t masterlike dichtsjen hie syn nut
troch Salverda, in Wûnzer.

De skoalle dêr’t de master wie,
ek master fan it bernelearen,
hat de dichter neffens wize rie
mei masters namme eare.

Wûns, iepen doarp yn ’t lege lân,
de namme lêst men yn de boeken,
hast dyn parten út ‘e skiednis hân,
ferneamd troch dy acht hoeken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum