Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin rûtekommissaris

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Fyftich jier al ûnderfining,
dat in wedstriid moat perfekt,
sa wolle skippers en publyk,
mar plakkommisjes binne net korrekt,
de skûtsjerûte leit soms bryk,
sa is de algemiene miening.

Wa kin soargje foar mear bining,
want it moat as ’t kin sintraal,
sa wurdt it útgongspunt gelyk:
in kommissaris sprekt grif kleare taal,
foar plakkommisjes goed ûntwyk,
mar dy ha wol in oare miening.

Image

Dus lit skûtsjes yn de dining
brûzje, want it rint perfekt
nei ’t sin fan skippers en publyk,
sa is ’t mar krekt.

admin

Sjouwfeur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Syn âlde pake gie him foar
mei ’t fleurich sjouwen oer de wei
op ’t ritme fan syn hûnekarre;
Simen song, sy blaften yn it koar,
om’t yn de sjou har libben lei
en boppedat moast hy noch barre.

Image

En âlde beppe bleau by hûs
en hear en gie har eigen wei
al like fleurich, want syn Lyske
hie de soarch oer mannich doarpske poes,
om’t yn dy sjou har libben lei
en ’t wie noch lichter mei in wyske.

Image

Hy baude âlde pake nei
en ried de wrâld troch as sjouwfeur,
mar die dat op syn eigen wize:
mannich hûn en kat kaam op syn wei,
wa’t remme, wie gjin goed sjauffeur
en boppedat hie hy Denise.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum