Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lansearring

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Image

Dêr stekt er as de heechste op
foar ’t eigen folk, tichtby de pier,
hjoed sil it grif wer heve,
mar foar ’t winnen is it noch te ier.

De liuw hat fjochtsjen yn de kop
en stekt ek op, leit like skraal,
hjoed sil er ien lansearje,
foar de Lemsters is ’t in tryst ferhaal.

Image

It wurdt in botsing, kop mei kont,
de liuw stjit op it Lemster roer,
dat Jelle* wurdt lansearre,
earst de loft yn, dan de weagen oer.

Wol santich hynders lûke him
oan board, de skipper, net ferslein,
sylt troch, mar ’t sil net heve,
want de liuw hat him it near oplein.

Image

* Jelle Reyenga

admin

Swimme op De Lemmer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Image

’t Wie parasolwaar op De Lemmer,
folle kleuriger as ’t brune doek
fan alve skûtsjes by elkoar,
mar soks wie al in âld gebrûk,
lykas by simmerhjitte swimme.

Image

Dêr hast se yn de bleate basten
oan in tou mei withoefolle man
dy’t mei elkoar in skûtsje lûke,
want seilleas leit de Snitser Pan,
oars ûnder doek mei santjin hasten.

Hjoed woe de Pan dochs leaver swimme,
mar dan moat er syn ferlies wol nimme.

Image

’t Wie beide, goedmis foar De Lemmer,
goed troch alle spanning foar ’t publyk,
mar mis foar ’t skûtsje: averij
en Jelle* kriich ek ûngelyk,
hy hie net foar it liuwke remme.

* Jelle Reyenga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum