Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan slomjend Hylpen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

‘Wite Wynhûn’ wie de namme
dy’t fan Hylpen klonk nei Ruslân ta,
it skip fan Auke Wybes krige sa
de eare fan de tsarestamme.

Amsterdamske brief mei segels
moast de skipper oan tsaar Peter jaan,
deselde fan de skipsbou oan de Saan,
in bou beslein mei gouden regels.

Auke Wybes kaam mei faasje
foar Sint Petersburg, de tsarestêd
yn oanbou, mar de ‘Wite Hûn’ wist net
de regels fan de tsarenaasje.

Dêrom kaam in loads dy’t alle
djiptes peile koe fan kust en folk,
gjin skipper hie ferlet mear fan in tolk:
tsaar Peter liet it anker falle.

Auke Wybes joech syn namme,
tagelyk de brief út Amsterdam,
tsaar Peter rekke doe yn fjoer en flam
en hat de skipper net beskamme.

‘Wite Wynhûn’ krige rjochten
krekt salang’t syn kyl derûnder siet
en Auke Wybes sylde, sa’t it hiet,
dêr’t weagen fan it goud opljochten.

Auke en syn skip ferstoaren,
Peter Wybes, neamd nei tsaar en stêd,
hat op ‘e âlde kyl in nij skip set,
dat goud meibrocht as nea tefoaren.

’t Wurd fan de sigeunerinne
makke Peter Wybes sljochtwei stom:
‘It Fryske Hylpen rekket yn de slom,
as weagen yn de ‘Wynhûn’ rinne!’

Mar de wielde soe net wike
foar de weagen fan de Sudersee,
salang’t de skipper foer op Hylper ree,
hat hy syn stêd mei goud ferrike.

Auke Wybes hat er hjitten,
tredde generaasje, dy’t besleat:
de âlde kyl, want oars giet it ferkeard,
dat dêrop hat er bouwe litten.

Image

’t Nije skip hie lykas ’t âlde
kapitale frachten yn it rom,
mar Auke Wybes seach der net nei om,
want frou en bern soed er net hâlde.

Auke hat in fakkel nommen,
stiek it rom fan ‘Wite Wynhûn’ oan,
is tusken diggels yn syn hûs ferstoarn,
dat Hylpen rekke yn de slomme.

admin

Spaanske kleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Nee, net dat ik byleauwich bin,
want tekens sizze ek net alles,
wat is ûnsin en wat sin,
sa tink ik wolris.

Sa rûn ik sneintemoarn troch Snits
en kaam út by de wetterpoarte,
dêr’t ik seach as yn in flits
wat ’t sicht ferkoarte.

Image

Gjin liuwen wiene mear te sjen,
yn plak dêrfan twa mantelmiuwen,
kriezjend as wie it ferlern
om winst te priuwen.

Wol deale, hjir gjin miuwen baas
mei reade flek op giele snaffel,
ik soe keare it geraas
mei: ‘Hâld jim snaffel!’

Nee, net dat ik byleauwich bin,
mar foar de wetterpoartetuorren
dreau read-giel my op ‘e rin…
dêr stie de muorre!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum