Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hyponomeuta Padellus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Omwuolle mei in plastic hoes,
sa falt it troch de brievebus
wat earst kaam mei papier
derom, want beammen by de rûs,
mar plastic jout mei dûbel plus
– it hâldt de drippen tsjin
en is fan bûten sier –
dus akwarysk en estetysk sin.

Lit net it misferstân bestean
dat wuoljen komt út minsken wei,
it hie in ier begjin:
in mot spûn al de plastic klean
foar beammen, yn it oansjen fraai
en fierder ek in plus
foar wat it bistke kin:
‘Ik, Hyponomeuta Padellus!’

Image

admin

Midsieusk byld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie de himel yn in skier ferline
dy’t de minske azem joech,
it wie it weagjend fean as foarme grûn
dy’t dochs syn swiere fuotstap droech
en ’t wie de feart om te ferbinen
wat lei skieden yn it rûn.

It liket as is noch it gea te finen
sa’t it yn de Midsieu wie,
de boereklinten oan de ierde bûn
en ’t folk dat yn de romte stie.

It is it folk dat hjoed de dei him bine
lit oan imitaasjebou,
’t gefoel fan midsieusk libben yn de stêd,
mar sûnder ridder dy’t in frou
fan adel om de finger wine
sil en sa syn eare rêdt.

It liket as is noch de sfear te finen
sa’t it yn de Midsieu wie
mei trije swarte krieën dy’t op ’t mêd
fan ’t tsjoenen skrasse swarte rie.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum