Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn beweech

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Se sitte hielendal foarop,
de mannen mei de hannen yn beweech
om oan te jaan: hâld del of stjoer omheech,
falsk starte kostet ús de kop.

Doarp Grou is hast al kampioen,
dus wurdt de strategy gjin risiko,
dat tuike tuike, soms is ’t justjes ho,
want in protest is samar jûn.

Hy sit yn spanning achterop,
de hannen stil, de holle yn beweech,
de finish lûkt, hy stjoert de liuw omheech
en wint, mar mei in koele kop.

Image

admin

Piaf út Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Heechsimmer wie it hjoed yn Snits
mei parasols mar sûnder sinne
foar it famke wyt en read de frou,
it klapte, swingde hinne
wer, de holle wiet, de lippen droech.

Image

Gjin sterveling mear yn de kroech,
it libben dûnse op ‘e strjitte
op it ritme fan in Frânske frou:
Piaf koe ’t mar net litte,
want ‘Edith, elle ne regrette rien’.

Piaf út Snits wie ’t oan te sjen
hoe’t ynspiraasje har rap hippe
liet, hoewol wat steviger fan bou;
se krige droege lippen
fan ’t heechsimmerske chanson yn Snits.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum