Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ofskie

Polityk
PDF Print E-mail
Ofskie ha wy nommen fan de balke
yn de bosk fan Nederlân,
wy hiene ’t mei Jan Piter hân,
hy rûn tefolle mei de holle yn de wolken.

Hy bespile ús mei noarm en wearde,
falske noaten by sosjaal
belied yn ’t CDA-ferhaal,
dat al te faak foar’t folk it evangeelje kearde.

Hiene wy it heil doe net ferwachte
fan it ôfskie fan it jild
dat sloech foar master op yn ’t fjild
fan bonushearen dy’t in oar syn bargen slachten?

Mar sjedêr hoe’t macht wer foarrang krije
soe op autentyk belied
sa’t yn dy wrâld wol faker giet,
it ôfskie fan prinsipes om yn ’t wyld te frijen.

Fryslân, wit do krijst in allochtoane
status mei dyn Frysk belied
sa’t yn dy wrâld wol faker giet:
it ôfskie fan de frjemdling, heil oan ’t autochtoane.

FNP, it ôfskie fan jim dichter
falt hjoed gear mei noch ien wins:
it ôfskie fan de wylde mins,
dan noch: de nije dichter dichtet justjes lichter.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum