Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De sprong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy libbe ’t leafst nei ’t ljocht,
wat gie him springend ôf
fan dei oant dei, fan jier op jier;
de polsstôk wie syn frou,
sa woed er it graach ha.

Hy wist it earst net rjocht
oant op dy skimerdei
dat yn de pols in skuorke kaam;
’t wie let doe’t sy it sei,
sa woe se it graach ha.

Image

Sy tilde him yn ’t ljocht
nei dy ferflokte jûn
en sei sy bleau fan jier op jier
fan fier mei him ferbûn;
de sprong gie it op ta.

admin

Wyt hynder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De sturt fertelt neat fan de flank of kop
en likemin de simmer oer de winter,
men wurdt benijd,
’t is net te sjen oan’t fleanen fan de flinter.

Wannear’t it swurk yn ’t noarden blau belûkt
en grauwe walen strike oer de kimen,
dan is ’t as lijt
de wrâld, mei simmertinten net te rimen.

En as men mannich stap nei foaren set,
fertelle inkeld flanken fan ferskillen,
it hat wat snijt,
’t is sykjen, wylst oer ien rêch rint in rille.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum