Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skippersnammen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

De skippers kinne sûnder plysje,
want se binne skipper fan komôf,
gjin namme komt noch fan de frou,
sa is no ienkear de tradysje.

Mar giet it om in frjemde namme,
Klompstra, Kleefstra of ek Van der Klauw,
dan is de aardichheid derôf:
de skippersnamme wurdt beskamme.

Dus Van der Meulen, Zwaga, Meeter
moatte bliuwe yn de skûtsjefloat;
komt wol in oare klank oan board,
dan wurdt net syld, gjin sintimeter!

Wa soe de nije regel meitsje
as in Syperda al skipper is?
Mei wetten giet it wolris mis,
dus wêrom soe men dan net laitsje?

Image

admin

Aldjiersdei 2002

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Aldjiersdei 2002,
in dei om op it jier werom te sjen,
wa hat der wûn en wa ferlern,
no sa!

Elkenien wol ’t libben ha
om elke dei fan ’t jier nei út te sjen,
in langstme dat fan alles kin,
no sa!

Skippers libje derop ta,
want skûtsjesilen is ferslaavjend wurk
fan helmhout fia mêst nei durk,
no sa!

Silerij 2002,
twa wiken spanning, klimaks oan de ein,
de Snitser Douwe is ferslein,
no sa!

Ulbe Zwaga komt it ta,
sa fynt it Fryske folk, de kampioen
giet flessespuitsjend yn it rûn,
no sa!

Kampioen 2002?
Net Turbo-Ulbe mei syn epo-spuit,
hy spile op in falske fluit,
no sa!

’t Komt Snitser Douwe ta,
de Jousters net, dy prutsten oan it flak
en lizze yn dit jier foar blak,
no sa!

Aldjiersdei 2002,
de dei fan skippers in memoriam,
de helden fan de âlde stam,
no sa!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum