Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Driuwkrêft

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De bou wie hast in ieu al lyn,
fan stielen platen ta in rûne foarm
om spanten foar in sterk hâldfêst,
mei ’t seil ôfhinklik fan de wyn,
in koeltsje of in heale stoarm,
de boerepream foer op syn bêst.

Doe kaam de tiid fan tsien pk
en lei it stiel dea foar de wâl,
it gie wer op nij libben ta
mei hout en glês, in minskestâl.

Image

Mar op ‘e nij lei ’t libben stil,
dochs nostalgy nei ’t âlde plak
joech oan de pream in eigen wil,
hy dreau en kriich sa syn gerak.

Der wie wol driuw, mar ’t gie net rap,
want gjin pk of seil joech ’t arkje gong
en rustich stiel hold ek noch tsjin;
troch eigen wil, it is gjin grap,
dreau ’t nei de helling om wer jong
te wurden, want wa’t wol dy kin.

Image

admin

Blank en swart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wol ien ruilje mei de wjukken fan in oar
of hat de oar it leafst de hûd fol wol?
It antwurd leit yn it gehoar,
elk hâldt de eigen sprektaal fol.

Image

’t Skiepfolk sprekt de hiele dei troch greidetaal,
beheind troch fjouwer kanten sleat en stek,
it is it âlde daamferhaal:
wa’t út ‘e keppel giet, is gek.

Dêrom sprekt it hiele folk mei blanke hûd:
‘Us molke hat deselde tint,
produksje ha wy op ‘e noed.’

Protters sprekke yn de flecht in oare taal,
de poaten del, massaal de lâning op
it fjild en mei in soad kabaal
de wjirms de grûn út, yn it krop.

Image

Sprekkend swart is dan it biedwurd foar ’t bestean:
‘Wy jouwe oan de skiep de hint:
de rêst komt nei ’t fertsjinne lean.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum