Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ezelmessias

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne yn Jeruzalem,
mar tichterby yn Sleat en Snits
en ek op fier Bonaire,
de ezel dy’t him twa kear stjit,
se balte lûd, mar ha gjin stim
en moatte nei de swipe hearre.

Image

Der is in frijplak op ‘e wrâld
foar ezels yn de nederklits,
in bistehôf fan Eden,
mei’t frommes dat Messias hjit,
in jonge dy’t fan bisten hâldt,
it oerbyld fan op ierde frede.

It heale wurk komt dêr net foar,
mar hieljen is de died by ’t wurd
fan nea in ezel prikke,
mar wol ferbine nei de stjit,
dan lit er achter ’t hiele spoar
en kin er Eden wer berikke.

Image

 

admin

Eksteur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It barde yn in skier ferline
hielendal oan ’t útein
dat it faakris wie maleur,
mar net foar ’t folk fan Reade Rein,
sy lieten har net bine,
sels net troch Eksteur.

Hy spile dei en nacht foar plysje,
hielendal oan ’t útein
ek, stie dêr foar gek en seur,
want streupers lykas Reade Rein
dy wiene net te hysjen,
sels net troch Eksteur.

Eksteur syn wurk waard de tradysje
op it fiere útein
mei de hoarnen fan de bok,
dêr wie it lêste net mei sein:
syn namme bleau as plysje,
want Eksteur hie ’t drok.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum