november 29, 2024
fan ûnbekend*
Noch is it gea folslein ferlitten,
dat earst grien wie oant de hoarizon,
in oerfloed foar de gnoe en sebra,
sy seagen ’t dêr wol sitten.
Mar lit de simmer him gleon jilde,
dan ferskroeit it gers, wurdt toar en giel,
de beam hat noch wol griene tûken,
mar lijt ek mei de fjilden.
Dan komt it dreunen út ’e fierte
fan miljoenen hoeven oer it fjild,
in floed fan bisten, gnoes en sebra’s,
sy seagen ’t net mear sitten.
De sebra’s daverje mei faasje
achter gnoes oan nei it noarden ta
fanwege krapte yn it suden…
it hat wat fan migraasje.
* Foto ‘Nasjonaal park Serengeti, Tanzania’
november 22, 2024
fan ûnbekend*
Shiretoko, in skiereilân
mei de namme dy’t fertelt
dat dit de ein is fan de wrâld,
it paad rint slingerjend dêrhinne
om genietsjend mei te rinnen.
Want gean mei elkoar, belibje
net allinnich wat de ein
fertelt oer dizze stille wrâld
fan bergen, bosken en ek bearen,
mei elkoar kinst dizze keare.
Bearen kinne net fertelle
wat de ein is fan de wrâld,
elk iensum plak neamt men de ein…
om te genietsjen rap dêrhinne,
om’t net oeral bearen binne.
* Foto ‘Shiretoko yn Japan’