Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Liuwekening

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hat ea in liuw syn klauwen
setten yn de hege liuwerots
as kening fan it diereryk?
It is de minske dy’t heech klimt
om dêr syn ryk te bouwen.

Foarst Kashyapa stichte
op dit stee de haadstêd fan syn ryk
mei syn paleis heech op ’e rots;
de poarte like op in liuw
dy’t sicht hie op ’e lichte.

In kening moat ek stjerre
al hoe heech hy stiet en fier hy sjocht,
de sitadel kaam leech te stean
oant muontsen krigen dêrop sicht,
de liuw is wer opfearre.

* Foto ‘Sigiriya-sitadel op Sri Lanka’

admin

Oan it paradys foarby

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Mirissa, kust mei fariaasje:
kleurich wetter, goudgiel strân
en palmen dy’t it wolkom wiuwe…
leit hjir dat beloofde lân?

Walfisken en dolfinen swimme
yn dit wetter oan it strân
foarby, in driuw om nei de fierte
ta… nei dat beloofde lân?

It minskdom kiest foar fariaasje,
mar net op itselde plak,
hy lit him op syn langstme driuwe…
fynt er earne syn gerak?

* Foto ‘Kust fan Mirissa op Sri Lanka’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum