Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

1939

Wrâldbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wêr is it trouwe tiidrek bleaun
doe’t hiel it leave libben wie
as yn it hôf fan Eden?
Tûzen kear is dêroer skreaun,
de wurden joegen goede rie,
dy’t stûke yn it heden.

It heden wie der hieltyd wer,
dei út dei yn, it hold net op,
faak sûnder Edens seden;
’t langstme bleau nei doe en dêr
noch foar de skreau, de slach en skop,
it striden yn it heden.

Doe briek de oarloch folop út,
de hiele wrâld die dêroan mei,
fier yn de jierren tritich,
mei de heale wrâld as bút,
wat alles oer it heden sei:
werhelling… mear as spitich.

* Yllustraasje ‘Hôf fan Eden’
* Foto ‘Soldaat út ’e Twadde Wrâldoarloch’

admin

Sulveren fal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Men kin der achter lâns
en sjocht it sulver blinken
dat fan boppen komt
en nei de djipte raast…
wa bliuwt dan yn balâns?

It fielt as men dan krimpt,
gjin sprake mear fan tinken,
’t razen makket stil
en wei falt elke haast…
men is hjirfoar bestimd.

In diel fan de natoer
wurdt elk by it ferdrinken
fan de eigen wil,
it sulver docht in taast…
wa jout him dan net oer?

* Foto ‘North Falls in Sulver Falls
State Park, Oregon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum