Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Ferrin fan tiid

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De bergen stekke fier har toppen út
as skerpe swurden yn de striid
tsjin wolken dy’t mar hingjen bliuwe,
klear om kûgels ôf te sjitten,
sa’t it troch de tiden giet.

Wat minsken boud ha, is hast net te sjen:
’t kastiel mei tuorren dêr’t de top
fan net de hichte fan de bergen
hellet, dy’t sa witte litte:
mei de tiid hâldt dit folk op.

Hoe giet it lykwols mei de djippe mar
dy’t hiel igaal derhinne leit,
gjin skerpe top is te bekennen;
wolken jouwe rynsk it wetter,
troch de tiid in bliuwend feit.

* Foto ‘Forggensee yn Beieren’


admin

Woartelbrêge

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wannear’t in beek wurdt ta in stream,
dy’t kolket troch ravinen,
is der foar it folk gjin hâlden oan
om oan de oare kant te kommen,
inkeld yn in dream.

Wa’t dreamd hat oer de woartelbeam,
kin wol in oergong fine
om mei drûge fuotten oer ’t ravyn
te kommen: bûch de sterke woartels,
rin dan oer de stream.

Yn Meghalaya falt de rein
mei bakken út ’e himel,
gjin gebiet is wieter as dat gea,
mar troch de woartels fan banyan
wurdt in brêge slein.

* Foto ‘Ritymmen woartelbrêge
yn Meghalaya, Yndia’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum