april 12, 2024
fan ûnbekend*
Laguna del Caminante
mei syn mar en mannich berch
gie troch de iuwen hinne
sûnder revolúsje,
mar de gletsjers slieten út
de hurde rots… in evolúsje.
Laguna del Caminante
mei syn mar en kuierpaad
seach ’t skip fan Darwin farren
dy’t de evolúsje
trochtocht op ’e ierde brocht…
ûntwikkeling wie syn konklúzje.
Laguna del Caminante,
lit ús rinne oer it paad
dat wittenskip en wûnder
foar it minskdom sljochtsje,
witten slút gjin wûnder út,
dy beide sille ’t paad ferljochtsje.
* Foto ‘Laguna del Caminante’
april 5, 2024
fan ûnbekend*
It Aino-folk betocht de namme:
Furano as in stjonkend plak
fanwege swevel, reek út ’e fulkaan
dy’t oer it gea ferspraat waard,
mar no soene se in oare namme jaan.
In kleurich plak, ferskaat oan blommen
dy’t weagjend rinne oer it gea:
in pearze, rôze en oranje baan,
it wite dat mei weaget
sil op ’en doer de namme grif ferslaan.
As winterdeis de flokken falle,
dan wurde alle banen wyt
foar folk dat op ’e lange latten glydt
en neat fernimt fan ’t stjonken,
sadat de namme fan Furano slyt.
* Foto ‘Furano’